Muzykrûtes SatelLiet yn hjerst 2020 werom

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de
hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum
organisearre.
SatelLiet
Yn ‘e rûte nei Liet 2020 (6 novimber 2020) organisearje wy op ‘e nij: SatelLiet. Op freed 18
septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te
folgjen. Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre.
Haadakt is Iris Kroes dy’t yn kultureel sintrum Aerden Plaats optreedt. Yn oktober folget
Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.
De fierdere programmearring fan SatelLiet is yn Aldebiltsyl mei winner Liet 2019, Sequence
en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt. Ek yn Koarnjum steane dichters
programmearre.
Sawol ZEA (Arnold de Boer) as Iris Kroes meitsje ek ûnderdiel út fan it muzykprogramma fan
Liet 2020 yn novimber. Yn dit projekt wurde Fryske ferneamde artysten oaninoar keppele om
in Frysktalich liet te meitsjen. It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it
sjongfestival, wurdt letter bekend makke.
Kaartsjes (en reservearjen) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde
by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is
needsaaklik yn ferbân mei de RIVM rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt
wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije belangstellenden harren startlokaasje
fia de mail tastjoerd.
Koarte bio’s haadakts SatelLiet:
Iris Kroes (Drachten, 1992) is bekend wurden as de winneres fan it twadde seizoen (2013)
fan it telefyzjeprogramma The voice of Holland. Sy makke dêrnei ferskate platen en spile yn
binnen- en bûtenlân.
Sûnt 2017 ûntdiek Iris har talinten yn songwritingcamps. Nei skriuwkampen yn Las Negras
Spanje, organisearre Kroes ek har eigen songwritingcamps. Yn 2018 liede dat ta it útbringen
fan in soad nije muzyk. Sa skreau Kroes, tegearre mei songwriters Henk Pool & Heleen
Roosdorp it twatalige lied ‘Surrounded by Water’, opnaam mei de bekende Fryske brassband
De Bazuin út Oentsjerk. Dit liet is spesjaal skreaun foar de kulturele haadstêd fan Europa yn
2018, Ljouwert. Yn novimber 2019 brocht hja har EP ‘No Fire’ út yn eigen behear, mei har
nije muzyk hat se mei band in tal konserten dien troch it lân. Yn april 2020 brocht Kroes de
earste Nederlânske 8D-track ‘Brighter Day’ út. ‘8D-muzyk’ klinkt as oft de harker yn in hiele
grutte romte is en de muzyk fan alle kanten komt.
As artyst mei in soad ûnderfining (The Ex) ûntduts Arnold de Boer (Makkum, 1974), ek wol
ZEA, pas op lettere leeftyd it Frysk as taal om ferskes te skriuwen. Mei ‘Moarn Gean Ik Dea’
hat Zea yn 2017 syn earste Frysktalige album opnaam. “Foar my is it emosjoneler en
direkter, dêrtroch krije de nûmers ek oare ûnderwerpen. Boppedat sit yn de Fryske taal fan
natuere in soarte fan melody. Harkje mar ris nei in Tsjêbbe Hettinga, dan wit men krekt wat ik
bedoel. Mei it Frysk skriuwen haw ik in doar iepene nei in keamer dêr’t ik noch net earder
west hie. No’t ik wit dat dy romte bestiet, sil de doar altyd op in kier stean bliuwe”, fertelt hy
op de webside fan 3voor12.nl.

Be the first to comment

Geef een reactie

Uw e-mailadres wordt niet gepubliceerd.


*